FeRstival 2026-2027

 

Yes! Wat moai! Do wolst meidwaan oan FeRstival, de grutste foardrachtkriich fan ús
provinsje. Miskien is it de earste kear datst meidochst, of miskien hast al faker
meidien. Op dizze side fynst de wichtichste ynformaasje foar dielnimmers.

 

  1. Wolsto dy opjaan? Dan kin oant uterlik 6 novimber 2026, it leafst fia dyn
    dosint. Der dogge miskien mear learlingen mei en dan kin de dosint jim
    allegear yn ien kear opjaan. Slagget dat net, dan meist de organisaasje
    streekrjocht maile: ferstival@cedin.nl
  2. Der binne fjouwer groepen yn de heale finale. Starters A (klasse 1 fmbû),
    Starters B (klasse 1 hafû/twû/gymn), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers
    (klasse 4 en heger).
  3. Elke dielnimmer kiest in fers út syn eigen kategory út Fersefariaasje, it
    FeRstival-boekje datst hjirûnder fine kinst. Let op: kinst dus foar de
    foarrondes net in fers kieze dy’t hjir op ‘e webside stiet! Dat binne de frij te
    kiezen fersen foar de finale.
  4. Wolle jim mear FeRstival-boekjes op skoalle hawwe? Stjoer dan in mailtsje nei
    g.hoekstra@cedin.nl mei it oantal boekjes en it adres fan jim skoalle.
  5. Tips om goed foar te dragen stean ek yn Fersefariaasje. Nim it goed troch! Yn
    Searje 36, de metoade foar it fak Frysk, stiet ek it projekt ‘FeRstival – Frysk
    foardrage’ mei allerhande tips. Besjoch ek de foardrachtklips fan de winners
    fan ferline jier ûnder it kopke ‘KLIPS’ op dizze webside.

 

Heale finales

De heale finales wurde hâlden op trije data en trije plakken:

– Freedtemiddei 27 novimber by CSG Bogerman, Hemdijk 2, Snits
– Freedtemiddei 11 desimber yn Iduna, Oliemolenstraat 16, Drachten
– Freedtemiddei 11 desimber by theater de Bres, Schoolstraat 4, Ljouwert
– Oanfang alle kearen om 13:30

 

Finale

Sneon 30 jannewaris 2027 yn Neushoorn yn Ljouwert. Oanfang 13.30 oere, publyk
is fan herte wolkom. Nim dyn dosint, famylje en freonen mei!

 

Lês foar mear ynformaasje: