FeRstival 2022, de 79e edysje

 

Yes! Wat moai! Do wolst meidwaan oan FeRstival, de grutste foardrachtskriich fan ús provinsje. Miskien is it de earste kear datst meidochst, of miskien hast al faker meidien. Op dizze side fynst de wichtichste ynformaasje foar dielnimmers.

 

  1. Wolsto dy opjaan? Dan kin oant uterlik woansdei 19 oktober 2022, it leafst fia dyn dosint. Der dogge miskien mear learlingen mei en dan kin de dosint jim allegear yn ien kear opjaan. Slagget dat net, dan meist de organisaasje streekrjocht maile: ferstival@cedin.nl
  2. Der binne fjouwer groepen yn de heale finale. Starters A (klasse 1 fmbû), Starters B (klasse 1 hafû/twû/gymn), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 en heger).
  3. Elke dielnimmer kiest in fers út syn eigen kategory út Fersefariaasje, it FeRstival-boekje fan 2022 datst hjirûnder fine kinst. Let op: kinst dus foar de foarrondes net in fers kieze dy’t hjir op ‘e webside stiet! Dat binne de frij te kiezen fersen foar de finale.
  4. Wolle jim mear FeRstival-boekjes op skoalle hawwe? Stjoer dan in mailtsje nei g.hoekstra@cedin.nl mei it oantal boekjes en it adres fan jim skoalle.
  5. Tips om goed foar te dragen stean ek yn Fersefariaasje. Nim it goed troch! Besjoch ek de foardrachtklips fan de winners fan ferline jier ûnder it kopke ‘KLIPS’ op dizze webside.

 

Heale finales
De heale finales wurde hâlden op twa data en trije plakken
– op freedtemiddei 11 novimber yn De Stolp yn Snits
– op freedtemiddei 18 novimber yn De Stolp yn Ljouwert
– op freedtemiddei 18 novimber yn Iduna yn Drachten

 

Oanfang alle kearen om 13.30 oere en sa as it no liket is publyk fan herte wolkom!

 

Finale
Sneon 17 desimiber 2022 yn It Posthuis Theater op it Hearrenfean. Oanfang 13.30 oere.

 

Lês foar mear ynformaasje:
FeRsefariaasje 2022