A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

mei mem allinne

troch: ytsje hettinga

heit
ik wol
mei dy
te fiskjen
moatst myn nije fuotbal sjen

 

heit
do moatst
mei my healwiizje
en my leare
hoe’t ik myn
fytsbân plakke kin

 

heit
wolst mei my
nei de merke
en de fjouwerjûnetocht
mei rinne

 

heit
‘k soe fan dy
swetse poche en beare wolle
tsjinoer myn maten
harren heiten
kinne ek safolle

 

moarn heit
moarn wol ik
it keatsen winne
asto dan lâns
de kant stean koest
soesto my dan noch kenne

 

heit
hat heit wol yn ‘e gaten
dat ik no al tolve bin, heit
wit heit wol
dat achter ús hûs
hiele moaie paadsjes rinne

 

soe heit
net in kearke komme kinne
allinne mei mem
bin ik sa allinne

 

út: FeRsefariaasje, 2002