heit
ik wol
mei dyte fiskjen
moatst myn nije fuotbal sjen
heit
do moatst
mei my healwiizje
en my leare
hoe’t ik myn
fytsbân plakke kin
heit
wolst mei my
nei de merke
en de fjouwerjûnetocht
meirinne
heit
‘k soe fan dy
swetse poche en beare wolle
tsjinoer myn maten
harren heiten
kinne ek safolle
moarn heit…
moarn wol ik it keatsen winne
asto dan lâns
de kant stean koest
soesto my dan noch kenne
heit
hat heit wol yn ‘e gaten
dat ik no al tolve bin, heit
wit heit wol
dat achter ús hûs
hiele moaie paadsjes rinne
soe heit
net in kearke komme kinne
allinne mei mem
bin ik sa allinne