A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Mearke

troch: Lara de Vries

De wolf is werom
Werom? Wêrom?
Hy gûlt yn ’e nacht
Dit is dochs gjin plak
mar de wolf fynt fan al

Der kin gjin stek
om Fryslân hinne
Wêrom net?
Sizze se net
De skiep, de kij it hynder
jouwe belies
de wolf mei net dea

De wolf is werom
Werom? Wêrom?
Hy jaget yn ’e nacht
Hat de buorkerij yn ’e macht
Want de wolf mei net dea

It is in goed teken
sizze se
Soenen se tinke oan in mearke?
Mei in lang en lokkich ein?
Mar yn in mearke
moat de wolf der al foar stjerre
En de wolf… dy mei net dea

De wolf is werom
Wêrom? Wêrom?
It fee gûlt yn ’e nacht
De skiep, de kij, it hynder
meie sy dan wol dea?

Publirearre yn Ferstifal 2023