Mem, fan dy ha ’k leard om nee te sizzen
en do wist, ik lústerje graach nei dy;
ik nim myn tiid en pak myn rêst,
oars hat nimmen wat oan my.
Hjoed set ik mysels op nummer ien,
wol allinnich mar foar leafde kieze;
rêstich oan dwaan, grinzen stelle
en mysels net út it each ferlieze.
Oan myn langstmen jou ik oandacht
en ik folgje myn gefoel.
Asto wier safolle fan my hâldst,
dan begrypst’ wat ik bedoel.
Wolst my ommers altiden stypje
sadat ik dwaan kin wat myn hert my seit
en dat is om no net nei skoalle,
omdat myn bêd sá lekker leit.