A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Master

troch: Berber Spliethoff

Ik ha in nije hobby.
Ik doch it eltse dei wer op ‘e nij.
Moat der in learaar narre wurde,
dan bin ik fan de partij.
Propkes sjitte troch de klasse
as er efkes net sjocht.
Of kaugom plakke
op it knopke fan it ljocht.

De krytsjes ferstopje,
proefwurken stelle út syn tas,
sâlt yn ‘e kofje struie,
in grutte podde yn’e bûse fan ‘e jas.
In wiete spûns op ‘e stoel del lizze,
En as dy man dan sitten giet,
dan moatte wy dochs wol sa laitsje:
syn broek de hiele dei dweiltroch wiet.

No tinke jim, wêrom moat dat no?
Dochtsto dat no foar de lol?
Nee, fansels net,
want witte jim wat ik letter wurde wol?
Ik wol learaar wurde.
Ja, jim hearre it goed.
Berntsjes pas mar op.
‘The master himself’ komt foar it boerd.

Want gjin bern hâldt my foar de gek.
Ik kin eltse pleagerij.
Besikesto my te narjen?
Dan bisto der bij.
Dus ik moat wol narje.
Toe master wurdt no net boas.
Ik wurkje oan myn takomst.
Wier ik kin net oars.