A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Manmachtich leger

troch: Eppie Dam

Ynvaazje op ’e dwinger!
Oarloch op it stoart!
Manmachtich is it leger,
de loft fan kobben swart.

 

 

Se roppe, krite raze
út kleare machtsfertoan.
As wie ’t in kamikaze,
sa falt de loftmacht oan!

 

 

Yn flitsen gean de wjukken
as messen troch de loft;
se kapje mei har swurden
in paad troch eigen kloft.

 

 

Se snije, skampe, roeie
om earder op ‘e grûn
dêr hat de loftpatrouille
de fjildslach noch net wûn.

 

 

’t Is ien gefjocht om iten,
de grutste bekken earst.
Dy’t skelle, pikke bite,
dy snaaie ek it meast…

 

 

Fannacht dan wurdt it frede:
it ljocht nimt even skoft –
manmachtich dan it leger
fan stjerren oan ‘e loft.

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.