A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

#MAND (of, Hâld it koart) 

troch: Arjan Hut

dit gedicht is op himsels frij ienfâldich

it rimet in bytsje en is sadwaande

maklik om te ûnthâlden

gjin rare drege wurden

of pseudo-muzikale klanken

om fan te stammerjen

en gjin betjuttings

dy’t fersideboartsje

tusken de rigels

(dit gedicht giet net stikem

oer identiteit of myn relaasje

of tûkelteammen op it mêd fan

kommunikaasje)

gjin rare byldtaal dy’t oer dy hinne komt

as in ûnferwachte tongerbui

gjin dronken ritmes dy’t dy passe

as in online bestelde trui …

dit gedicht is rjocht yn ’t gesicht

der stiet wat der stiet

en is dêrby frij fan dingen

dy’tsto fiele kinst mei oare sinnen:

sûnder wurden om te kôgjen

en te priuwen

sûnder wurden om te snuven

en te rûken

nee, gjin taalgefoelige literêre babbelegûchjes

en wês net bang:

‘t is net te lang

nee, net te lang

foaral net te lang

om it mar simpelwei te sizzen:

dit gedicht is yn de kearn -kompakt-

net dat dat altyd moat

mar it is wolris moai

of net?

sa lekker koart