troch: Yttje Cnossen
ûndergrûnsk yn in metropoal it skriele neonljocht falt kâld tusken de knibbels klamme in flesse de trein dinderet troch yn syn holle reizgers gean derút hy skoot sabeare mei hy siket de waarmte fan in memmeskurte net earder publisearre
jaget in wjirm troch tsjustere hoalen
it liif fol figueren fan ‘e perronnen
ûnderweis oeral hinne as wer werom
oer in man sûnder mouwen
de neakene skouders beljochtsje
de raffelrânen fan syn bestean
om him hinne de rook fan swit
in triemmich mingsel fan soer
sâlt en sjippeleaze dagen
hy rattelet tsjin ‘e man yn it glês
de maat dy’t it swijen derta docht
oant it lêste stasjon op ‘e blauwe lijn
moat mei de hân de feale broek ophâlde
giet op ‘e stiennen skrousk oerstaach
glûpt temûk de iepen doar wer yn
krûpt tsjin ‘e reade bekling sjocht foarút
wylst it dinderjen úteinset en
him meinimt nei in lêste stasjon