A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Made yn Bangladesj

troch: Ytsje Hettinga

Under golfplatedakken
yn stoffige romten
rattelje naaimasinen


krom de rêch
drûch de mûle
mei seare fingers


faget sy it swit
fan har jong gesicht
mei âldske eagen


de priis betelle troch
har lange dagen
sûnder deiljocht


rinsto yn dyn jurkje
foar hast neat
op simmerske dagen


ûnder in skjinblauwe loft
mei in fleske wetter
troch kideljend sân.

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.