troch: ytsje hettinga
de iene hân yn ‘e bûse fan har heite kroltsjejas kom mar kom mar en wer en wer en mear wêrom binne heit en mem mines as wy skylk grut binne (Út: argyf FeRsefariaasje)
de oare yn har memme fingermof rinne se
nije kûltsjes yn ‘e snie dy’t knerp seit
efter de tsjerkefinsters flústerje tûzen ljochtsjes
in heidensfeest seit heit
mem knikt wylst de tsjerkedoar
de earmen om de oaren leit
en wy op hús ta gean
har heit en mem harres
en dyn dines
hokker hân yn
hokker hân
yn hokker lân
wol ik dij wêze en witte
wasto wêze soest asto my wiest