A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Lytse Wielen blues

troch: Jan Kooistra

sa fredich wie it doe, dy waarme dei
doe’t ik siet by dy mei achter ús
dat hege tichte reid, der is gjin wei
werom seistû en foar ús lei it wetter
in akwarel fan jûntiidssinne en letter
naamdestû myn hân omdat it lekker wie
te swimmen ek, wy sprongen en de sinne
spatte iepen yn glinzich simmersied
en it wetter wie as huning en it liet
dy eefkes wer ferjitte, o dizze jûn
is sa unyk seistû en ik sei ja en
noait ha ik dy sa wer swimmen sjoen

(Ut: Dame fan myn dagen)