A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Lytse markol

troch: Elske Kampen

Earne yn it wetter…
It lân jout har oer, leit langút ûnder
de skiere dei dy’t hast al wei is en
no mei dampe fuotten hoeden oer
de griene fjilden slûpt.
Wiid iepen gapje de djippe puollen.
Wynhannen bûge it reid fansiden,
skeppe wetter, litte it blinke, rinne,
drippe, litte it drinke.
In lytse markol boartet kopke ûnder,
sirkels hieltyd wider om him hinne
reitsje hast de einen.
Fan syn fearren sjoch ik net krekt
wêr’t it wyt begjint en it swarte einiget,
fan syn eagen sjoch ik net de kleur.
Twa kear ropt er en ferdwynt dan
samar yn it tsjuster. Immen lûkt
de grize nachtgerdinen hastich ticht.
Nea sil ik fan dy lytse markol witte
wêr’t it wyt begûn en it swarte einige,
wit ik fan syn eagen net de kleur.
net earder publisearre