A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Lyts

troch: Janneke Spoelstra

famke giet dwyl fan ’t wikseljend
ljocht de dyk del, draaft yn ‘e sinne
om de grutte hannen fan it skaad
foar te bliuwen, oant der gjin
ûntkommen mear mooglik is
en se oppakt wurdt, dan blykt it
pleagjen te wêzen en weromset
yn it ljocht begjint it spul opnij

 

of famke sit op ’t smelle plankje
hannen fêst om ’t tou, twa, trije
stappen en dêr sweeft se hinne,
achter sjocht se op ‘e ierde del
stiicht in kribel út it liif wei nei de
kiel, foarút rikt se mei de teannen
nei de loft, as se los liet, soe se
yn ‘e wolken springe kinne.

 

(Út: Goeie is it wachtwurd)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.