troch: Ypie Haitsma-Bakker
Se sizze, se sizze o, se sizze safolle de wurden klinke sa leech yn myn holle. Se sizze, moatst de tiid der foar nimme stoarte in bak klisjees oer my hinne: Dat sinne net bestean kin sûnder it skaad dat der ea wol wer ien komme sil op myn paad. Dat ‘k foaral net hingjen bliuwe moat yn fertriet as de iene doar slút in oaren wer iepengiet. Se sizze, se sizze se sizze sa’n soad dat as ik sa trochgean ik myn libben ferkloat. Dat tiid wier de rûchste rânen wol skuorret mar nimmen kin sizze hoelang ‘t soks duorret. Se sizze, se sizze o, se sizze safolle de wurden klinke sa leech yn myn holle.