Se witte it.
Ik fiel se sjen.
Ik hear se flústerjen.
Ik ha ferlern
noch foardat de striid
striden is.
Net ien seit ‘Hoi’.
Gjin berjochtsjes mear.
Blikken fol begrutsjen
dy’t my kear op kear
ferlitte, ferjitte,
ferriede, ferstikke.
Ik wol raze!
Ik wol skreauwe.
Wat falt der te sjen!
Ik bin siik.
No en!
Makket my dat oars?
Please praat tsjin my.
Ik stek jim’ net oan.
Wês myn freon
en doch gewoan!
Want ik bin hjir
en ik libje!