troch: Roel Slofstra
De see wie blau en helder as in spegel Mar diz’ kear net, no syld’ ik oer de weagen Mei gouden reid is it dêr rynsk omseame Dêr socht ik om, al kaam it fier fandinne De see wie blau en helder as in spegel, (Út: Alter ego, 2007)
De sinne blonk, it wie in waarme dei
En sokke dagen lis ik yn ‘e regel
Op ‘t strân te slomjen en myn hûntsje mei.
Nei ‘n eilân dat yn ‘e fierte lei,
It Liebesinsel, om mei eigen eagen
Te oanskôgjen wat men dêr wol net fan sei.
En it fjild ferjûn fan blommepracht en sa
En wier, it lok, hoe sil ik it beneame,
It groeide dêr oant yn ‘e himel ta.
En nim it mei nei hûs, ‘k hie sa’n ferlet.
Al wie ‘t in sprankje, wat soe ‘k dy beminne,
Dy koezje oan myn waarm en klopjend hert.
Ik lei op ‘t strân, myn hûntsje wie wer mei,
It lok net fûn, want sa as yn ‘e regel
Hie ien my foar west op dyselde dei.