troch: Bennie Huisman
neisimmerske ljochtspegelingen op ‘e rûge tafel ûnder eachweid as in mear talintearre sielesuster om lichtens te finen Út: Hûs oan see
libellen kruse myn paad
kleurich as yn sudliker streken
jout de luchtige siel har del
boade fan lichtens en boartlikheid
readkleurich it lange liif
ik trochsjoch har reachfine wjukken
fan aventuerlike loftfytsers
makket se koarte flechten om in beam
safolle frijmakke sielen
doarmje om, wekker makke troch ús ferbylding
oerlibbe troch harren dream
sil alle ballast oer board
om fleane te kinnen
sil losmeitsje ûnûntkomber
frij fan driuw en doel
frij fan jacht en bút
sweevje op ‘e genede fan
tafallige termyk
wyn fan lok
lok fan leafde
leafdewyn