troch: Berber Spliethoff
Ik leau yn mear libbens. Slûpend troch it oerwâld. En doe wie ik in mich. En doe wie ik in flinter. Doe ynienen swom ik ûnder wetter, En no, no bin ik in minske. net earder publisearre
Dêrfan bin ik wis.
Yn in foarich libben,
wie ik in liuw, wat ik jim sis.
In stap, noch in stap, en wraagh, ik hie myn proai.
De kening fan de jungle.
Sterk, machtich en moai.
Ja, dat befoel ek goed.
In gûnzjende mich, in stekkende mich.
Sykjend om bloed.
Swierend, dûnsjend fan blom nei blom.
En de wyn dy rûzet
kom werom, werom, werom…
ik wie in grutte sterke haai.
Ik hie flymskerpe tosken
en iet wol hûndert fisken op in dei.
Gjin skerpe tosken, gjin wjukken, gjin angel mear.
Ik bin wis.
Minske wurd ik net noch in kear.