A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Letter

troch: Jurjen vd Meer

Letter doar ik dy te freegjen,
as ik grut bin, net mear bang.
Dan bliuw ik foar altyd by dy,
mar dat duorret noch sa lang.
Earst doch ik myn bêst op skoalle,
dan krij ik in goeie baan.
En myn baas is hiel tefreden,
lit my drege dingen dwaan.
Ik fal op, kom yn ‘e krante,
en dêrnei ek op ’t sjoernaal.
‘k Ha ferstân fan alle saken
en ik sprek hast elke taal.
Do silst de artikels lêze,
sjochst my op ‘e foto stean.
Yn myn nije djoere auto,
sinnebril en sjike klean.
Dan ryd ik yniens dyn hiem op,
fol fertrouwen en beret.
‘k Sil dy freegje om ferkearing,
mar dat doar ik no noch net.
(Net earder publisearre)