Ik wol mysels in lege holle meitsje
gjin soargen oer it hûswurk ha
net langer fan de wize reitsje
fan as ik net slagje, it kin mar sa
Ik wol mysels in lege holle meitsje
net tinke oer de rûzjes fan ús mem en heit
net foar de iene noch foar de oare pleitsje
wat ús heit oer ús mem en ús mem oer ús heit ek seit
Ik wol mysels in lege holle meitsje
gjin prakkesaasjes langer oer it sjoernaal
net wer tinke oer wat oare bern trochmeitsje
wekker lizze fan drôve eagen mei in ferhaal
Ik móát wat betinke! Och wie ‘k mar in geitsje
dan soe ‘k net langer fan de wize reitsje
Miskyn moat ik mysels nóch in holle meitsje
ien om mei te gûlen en ien om mei te laitsjen
(Net earder publisearre)
FeRstival 2025 - finale
Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.
Â
Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.
- Sneon 25 jannewaris
- 13.30 oere
- Posthuis Theater, It Hearrenfean