A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Leech

troch: Margryt Poortstra

It is hjir stil
ik moat de lûden sels betinke
de roffel fan har fuotten op de trep
har stim dy’t foar har út draaft
en boppe is
foardat har wurden komme


of nee


de rêst:
it spatten fan it wetter
dat oer de râne slacht
as se te boartsjen sit yn it bad
dat it in boat wie
dy’t fierste fier de see op dreau


it is sa stil
yn dizze hege keamer
dêr’t alles fan har sprekt


as ik it finster iepenset
en yn har útsjoch stoarje
leit dêr it eilân yn de see


hoe lang is it lyn
dat se dêr oanspield is


út: Leave deade, 2002