Hy hat in ferske foar my skreaun,
it siet ynienen yn myn tas.
En doe ’t ik húswurk meitsje soe
fûn ik it lytse briefke pas.
Hy skreau dat hy faak nei my seach,
by bio of op it skoalplein
en dat ik moaie eagen hie…
Dat hat noch noait ien tsjin my sein.
Hy fûn myn klean leuk en myn hier
en dat er nachts net sliepe koe
omdat er hieltyd oan my tocht
en dat er graach ferkearing woe.
No bin ‘k in bytsje yn ‘e war,
wat moat ik mei sa’n leafdesliet.
Ik lykje hielendal net op
it famke dat op ’t briefke stiet.
Myn eagen binn’ mar hiel gewoan,
myn hier sit meastentiids mar stom
en ‘k moat allang om nije klean…
Ik skriuw him earst mar net werom.