Yn winters fol waarmte
groeiden se op as buertbern
heit en mem tegearre sniebalje
en reedride op it sletsje achter
jong liet de maitiid
harren herten bloeie
it reinde blossem om
frucht te dragen
rynsk en royaal kaam
de simmer mei sinne
oer see en oer greide
lake de takomst beide
grut en folwoeksen sloech
de hjerst harren tinzen útinoar
it plantsjen fan leafdesbollen
ha se net langer dien.