A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Leafde op it earste gesicht 

troch: Ilja Dijk

Ik seach him op it strân
it wie ôfrûne jier, simmer.
Hy hie in fuotbal yn’e hân
ik sjoch him dêr noch rinnen.

In prachtich liif, brúne krollen
suver in sixpack, ja wier.
Ik soe him as myn freon wol wolle
mar foar my is hy in stap te fier.

Hy falt net op in famke lykas my
mei skeinspruten en in bril.
Ynienen stiet er foar my
ik hâld my skruten stil

‘Ik leauw net yn leafde op it earste gesicht’
is wat er seit en sjocht my leaflik oan
‘Mar fan dyn glimk wurdt myn holle licht
toe, pak my by de hân’.