Leafde is in taal
want do moatst wurden fine
foar ien dy’t by dy past,
oars as dy, mar krekt dêrom,
net ien yn ’t algemien
mar de útsûndering,
net de offisjele spraak,
mar lûden út it persoanlik
alfabet, taal om tegearre te learen,
troch de eigenste omgong
eachopslach, laits, lichem.
Leafde is in wei
want moatst elkoar treffe
op de seedyk,
fier fan de algemiene drokte,
sykje om in slûkwei faaks,
ombocht en skeanpaad,
iensum doarmjen yn ’t iepenbier
bringt gjin moeting,
ynienen en op ’t ûnferwachtst
is hja dêr, is hy dêr,
net sa sichtber noch, mar
stadichoan dat stal,
dit gesicht leafliker,
eigener.
Leafde is in lichem
want ieren en sinen
binne yn beweging,
wolle in antwurd
op oarsaak en gefolch,
hertslach op hertslach,
bloedklop op bloedklop,
syn bewegings sykje dy,
har eachopslach in freegjen,
in hifkjen, in tawurd,
fuotten rinne itselde
ritme en fine
in paad tegearre.