A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Lânskip

troch: Baukje Wytsma

Doopje dyn pinsiel yn wetter en begjin mei it blau,
it sulverblau fan de see dat de sinne heint, mar
likegoed donker en driigjend wurde kin as de
stoarmwyn oer de weagen raast en feroaret yn
manljus-blau, it blau fan seelju. Ming dat mei
it grien en sjoch hoe’t it as fansels oerfloeit,
mekoar fersterket. It bringt dy by de greiden.

 

Underweis nei de hoarizon fynst rûnom boartlike
aksinten: swart-bûnt fee, in iensume reager yn
de wâl, in fôltsje op fierste hege skonken.
Lit him loskomme fan de grûn, lit him sweve.

 

En dan it read, in bytsje read mar, fan in dak,
in blom, in tafallich jongeshimdsje dat opbollet
as it oan de waskline wappert. It read dat
bliid makket, it read fan it libbene hert.

 

Nim it goud fan de sinne, nim genôch
en bewarje it wyt foar it ûnbekende.

 

(Út: Kom mei in koer)