A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Langstme

troch: Meintsje Brouwer

Dêr’t ús pake en beppe altyd wenne ha
dêrnei haw ik langstme oan ‘e ein fan ’t libben ta

 

Giest mei
de sânreed lâns
de beide brechjes oer? Hiel stil no
net prate hark, hearsto de natoer?

 

De wylp en skries
hja roppe it út!
Ek ljippen dogge mei!
De poep mids
swanneblom
en plomp, is tichteby

 

En om ‘e bocht
dêr sjogge wy
it boerepleatske stean
De beammen heech
wjerspegelje
yn ‘e ringfeart har bestean

 

Yn ’t wetter leit
krektlyk as doe
oan ‘e oare kant in skou
en ’t hûske
read en leaf
stiet dêr noch altyd trou

 

De sinne dy’t hast ûndergiet
set alles yn it fjoer
De hannen
byelkoar
rop ik: ‘Pake, helje ús oer!’

 

Mar nimmen foar
it rút sjocht op…
gjin doar, dy’t iepen giet
It hûs is
ek hiel oars
as ik it efterliet

 

De gevel is
net wyt mei grien
mar bêzje mei wat brún
En pake’s
hage is fuort
yn stee dêrfan in tún

 

Ik draai my om
kin ’t net mear sjen
Faak tink ik hjir oer nei
Wat lokkich
wie ik dêr
Mar ‘k wit: it is foarby…

 

út: argyf FeRsefariaasje

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.