Giest mei
de sânreed lâns
de beide brechjes oer? Hiel
stil no
net prate, hark, hearsto de
natoer?
De wylp en skries
hja roppe it út!
Ek ljippen dogge mei!
De poep mids
swanneblom
en plomp, is tichteby
En om ’e bocht
dêr sjogge wy
it boerepleatske stean
De beammen heech
wjerspegelje
yn ’e ringfeart har bestean
Yn ’t wetter leit
krektlyk as doe
oan ’e oare kant in skou
en ’t hûske
read en leaf
stiet dêr noch altyd trou
De sinne dy’t hast ûndergiet
set alles yn it fjoer
De hannen
byelkoar
rop ik: ’Pake, helje ús oer!’
Mar nimmen foar
it rút sjocht op…
gjin doar, dy’t iepen giet
It hûs is
ek hiel oars
as ik it efterliet
De gevel is
net wyt mei grien
mar bêzje mei wat brún
En pake’s
hage is fuort
yn stee dêrfan in tún
Ik draai my om
kin ’t net mear sjen
Faak tink ik hjir oer nei
Wat lokkich
wie ik dêr
Mar ’k wit: it is foarby…