Hikspeallen skampjend jei ik oer Mûntsjeleane
– swarte ekers, dêr’t seefûgels boppe fleane
yn in djip trekkerspoar troch de nije gebieten.
Itselde ljocht. Deselde sâlte, lûde lieten.
Hjir haw ik yn skoalfakânsjes ierappels socht,
it goud selsstjoerend nei de skuorre brocht.
Mar dizze kear kin ik net fine wat ik wol:
net fan ’t nije lân, fan see is de holle fol.
Gas jou ik, sjit mei gong de âld pleats foarby
om in ferwaaid roppen, dat gjinien ferstiet;
bats troch blauwe drek nei heechste grûn
it sljochte Waad blinkt yn in winkend skilderij
in leaf portret fan dy, oant de sinne ûnder giet.
Yn myn Landrover fan wurden haw ik dy fûn.
út: FeRsefariaasje, 2003