A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Laitsje

troch: Jelle Bangma

Wy ha wol in núv’re sykte,
Myn freondinne, sy en ik.
Wy kinn’ wol in oere laitsje
en dêrnei krije wy de hik.

 

No, dêr moatt’ wy wer om laitsje,
Sa giet dat de hiele dei.
Ja, it is miskien wol nuver,
mar wy ha ’t, wy sitt’ der mei.

 

Want wy laitsje hast om alles,
ek al is der suver neat.
‘k Hoech soms mar ien wurd te sizzen
en dan giet it al ferkeard.

 

Ja, ’t is soms ek wolris lestich:
ûnder skoaltiid is ’t sa’n toer.
Krij’ wy dan in lytse oanfal,
wurdt ús learaar fuort wer poer.

 

Moatte wy ús dus bedimje,
tinke w’ oan wat slims of sa,
ûngelokken, dat ien dea is,
wa’t it is docht der net ta.

 

Meastal duorret dat mar eefkes
en dan is it al wer mis.
‘k Tink net dat ús núv’re sykte
oait wer te genêzen is.

 

Nee, in oar kin ’t net begripe,
se ferklearje ús foar gek,
fine ús twa heale wizen:
gichelkont en gibelbek!

 

Ut: Smoarge Smjirkerts, 1990