troch: Syds Wiersma
Ik hie dy by de warming-up al sjoen Mar doesto op ús fak ta setten kaamst Oerémis fleach ik troch it middenfak, Sa moai koe ‘k de twadde helte bestudearje. Ut: Poëzij op ‘e planken, 1992
en tocht: foar dy sil ik troch alles hinne,
foar dy haw ik myn swit oant no ta jûn.
myn sprongen sille hjoed dyn eagen winne.
en wy inoar in goede wedstryd winsken,
wist ik datst my it skot út hannen naamst:
lit dy mar sjitte, rôpen rillegau de minsken.
ik seach de bal sa faak net as dyn rokje.
De trener sei yn ‘t skoft: do bist it bokje,
de bank is hjoed foar dy in better plak.
It wie de lêste wedstryd fan myn karriêre.