Spierkrêft kin in protte tille,
fan ‘e grûn oant himelheech.
Mar de krêft ferliest dy wille
as ’t yn’t libben dûnker wurdt en dreech.
Wat is krêft yn minne tiden,
hoe sterk bist by grut fertriet?
En wat tille brede skouders,
ast al wer allinne stiest?
Kinst it hurdzje yn ‘e winter,
by in stjerrend kâld berjocht,
as de hoop op better wurde
mei dyn takomstdream ferfljocht?
Sterker as de sterkste spieren
is by minsken faak de geast.
Dy kin safoll’ leed ferdrage,
tilt oan soargen ’t aldermeast.
Ynerlik oan krêften bouwe,
dat fertriet stilwei ferstilt.
Train de geast yn it fertrouwen,
dat de hoop dyn halter tilt.
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023