A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Kreas te plak

troch: Pier Bergsma

Njoggen smaken cola en wol santjin soarten chips
sûkelade, soda, kaugomkes yn trochdrukstrips
sûker, fris en ranja, it moat allegear te plak,
twa kear yn de wike is supermerk myn fak.
Ik wit persiis wêr’t alles stiet, de sjerp, it kattefoer,
it sâlt, de súvel en it swiet, de suertsjes en it soer.
“Witsto it sop te stean?” Ik wit wol wêr’t it stiet,
graach rin ik mei minsken mei, it is fertroud gebiet.
Mar thús… dat it in oar ferhaal, myn keamer is in binde.
Oan opromjen haw ik it mier, dat is foar my illinde.
Myn sokken, broek ûnder ’t bêd en alles troch elkoar
en wat ik net mear sjen wol, saai ik gewoan efter de kastdoar.
Myn swimklean, handoek wie ik kwyt, ik koe se net mear fine.
Se moasten op myn keamer wêze, soks kin net samar ferdwine.
Ik socht en socht en wie ferbjustere, doe’t mem se oan my joech.
Nei trije wiken ûnder ’t bêd wienen se wol droech.
Us mem sei noch tsjin my: “Do bist in frjemd persoan,
dêr yn dy super bist sa krekt”. Myn dei wie wer bedoarn.
Fansels joech ik har fuort gelyk en fytste nei myn baan.
Dêr sette ik alles kreas te plak, ‘k mei it hiel graach dwaan.
Dat komt, dy doazen seure net en nei ôfrin fan it wurk
dan sjoch ik Jeltsje, Klaske, Pyt, Aleida, Jan en Durk.
Wy hawwe foar ús supermerk in moai plak om te praten.
Fansels, de sinten komme goed fan pas, mar it leafst sjoch ik myn maten.
(Net earder publisearre)