A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Krantebesoarger     (Of:  Sirkelgong?) 

troch: Grytsje Kingma
Moarnsier 

De wrâld sliept noch

it is sa stil

ik gean der op út

twa fytstassen farsk nijs



Dat nijs bring ik rûn

wichtige berjochten út ’e hiele wrâld

juster bard

juster skreaun

fannacht printe

en ik -

ik bring it te plak



Seis stappen nei de brievebus

seis werom nei de fyts

hûndert huzen by lâns

Wichtich is dat nijs

wichtich is myn taak



Stadich krûpt de sinne omheech

de lûden fan ’e dei komme ta libben

De wrâld wurdt wekker

en makket wer opnij

farsk nijs



dat ik moarnier

wer rûnbringe sil






Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023