A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Kontrôle

troch: Benny Holtrop

Ik bin net bang fan ‘e toskedokter.
Ik bin net bang fan ‘e toskendokter syn stoel:
kinst dy der sa lekker yn deljaan.
En dy grutte lampe boppe de holle
dy’t oant yn ‘e fierste hoekjes
fan ‘e mûle skynt,
wat sjakt my dat!

Ik bin net bang fan it kapke
dat de toskedokter foar de mûle hat
en dêr’t er de oandacht foar myn tosken
achter weimoffelet.
Syn rubberfingers dy’t er soms hielendal
weibarget achter myn wangen,
och hearken nee, ik jou der gjin miter om!
Ek it fonteintsje, ‘spoelen-maar’ laitsje ik om!

En dat er,
no en dan,
de rêch nei my ta,
sit te rotsoaien oan sa’n plato, mei boarkes,
klophammerkes, tankjes, pinsetsjes en klemkes,
ken ’t skele!

Mar,
wêr’t ik bang fan bin,
wèr’t ik deabenaud fan bin,
wêr’t ik it fan bestjer,
is dat briefke,
thús,
op it prikboerd,
dat dêr wikenlang hinget
mei de datum
dat ik weromkomme moat.

út: argyf FeRsefariaasjes