A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Kommunikaasje

troch: Sigrid Kingma

Mei myn suster kin ik prate
foar de klasse bin ik sprekker
ik kin ek roppe raze balte
mar ‘kommunisearje’ bekt net lekker
Wat skeelt der oan dat wurd
bin ik foar de betsjutting bang
falle de klanken te hurd
of is it gewoanwei te lang?
Kin ik it wurd wol brûke
sûnder sels te laitsjen
net in mûlshoeke ferlûke
of in oar syn spier te reitsjen
Hee, dêr rint dy leuke jonge
hy hâldt fan kommunikaasje
dy is fêst goed mei de tonge
dêrmei wol ik in relaasje
Ik rin op him ta en freegje:
‘Sis, dat kommunisearen’
en ik skuor him yn in steechje
‘sjochsto kâns my dat te learen?’
út LinKk, 2015