koe dit mar
it gedicht wêze dat
as in stielen boarstel bjint
en krast oer âlde koarsten
behang fan muorren skuort
it griis beton har geef en
neaken liif werom jout
fan it waarme hout de ferve
skrabet oant eigen glâns
opnij ferskynt
koe dit mar
it gedicht wêze dat
as in eigenwize wjirm himsels
troch kreas útjûne bondels
hinne kôget yn blomlêzingen fol
fersliten bylden syn eigen namme
byt fan bûgde iken planken
de swiere wurden smyt en
yn ’t parket kreas yn ‘e oalje
djippe gatten slacht
koe dit mar
it gedicht wêze dat
mei skerpe earmtakken romte
makket en net weiwurdt yn ‘e
tiid of yn in stille hoeke stjert
mar altyd wer oerein komt en
ûnderweis is as in swalker oer
de wrâld koe dat mar
dit gedicht
en ik