A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Koade read

troch: Jurjen van der Meer

’t Is koade read, ’t is koade read,
der waaie auto’s yn ‘e sleat.
Der komt elk oere in sjoernaal,
sok waar, dat is dochs net normaal.

It friest, it snijt en der falt rein,
der rydt gjin bus mear en gjin trein.
De dyk út minsken, dat wurdt neat,
want bûtendoar is ’t koade read.

’t Is koade read, ’t is koade read,
want heit dy die wer wat ferkeard.
Bedoelde it goed, mar tocht net nei,
en dat sit mem no yn ‘e wei.

Unnedich rûzje fyn ik stom,
dus gean ‘k mar gau in blokje om.
Lit se gewurde, sis mar neat.
’t Is yn ‘e hûs hjoed koade read.

’t Is koade read, ’t is koade read,
ik hie myn húswurk wier wol leard.
Mar by de beurt wie ‘k ta myn spyt
gewoan ynienen alles kwyt.

Ik wist gjin inkeld antwurd mear,
in ûnfoldwaande, dat docht sear.
In goed rapport, dat wurdt sa neat,
it is op skoalle koade read.

’t Is koade read, ’t is koade read,
want dêr rinsto mei Sjoerd en Geart.
Ik bin al wiken smoar op dy,
mar do sjochst noait in kear nei my.

Wêrom stap ik net op dy ta
en sis dat ik de kribels ha.
Mar ‘k doar it net, jou my net bleat…
’t Is yn myn hert ek koade read.

net earder publisearre