troch: Sigrid Kingma
Ik sjoch dyn heale laits De teepot dy’t ik fan beppe krige Ik wol dyn laits mear as sjen Wat skansearre is
en fiel de stien
dyn hert is net in lispuzel
dy’t ik efkes foar dy ynelkoar set
foel okkerdeis yn diggels
nei it lymjen miste ik
in hoekje by it ear
in bytsje as dyn hert
dyn wille mear as hearre
ik wol dy
fiele litte lâns it ear
fan de teepot
is net kapot
hat karakter krigen
en is mei in hoedene hân
en goede lym
sterker as ea.