A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

kastanjebeam

troch: Tryntsje van der Veer

de eagen fan ’e beam
sjogge oer it glêde lekken
de woartels toarstgje
nei foarjier en simmer


tsjokke tûken tille
loatsjes dy’t útsprute
sêft giel opljochtsje
oer boartsjende bern


drage blêden dy’t blier
wiuwe nei âlden
yn flats efter finsters
dy’t deistich spegelje


as de knopkes waakse
har fernimstich útteare
de krún ynienen fol is
dan stiet de beam fier


winkt hastige kantoarlju
hoedet pearkes op paden
dy’t hohâlde en omheech
har fernuverje en bûgje


yn it rûzjende grien
baarne kleurige kearzen
sweevje bijen yn ’e rook
fan blossem swiet en sêft


de stim fan de beam
núndert leaf as hantsjes
fruchten sykje en skriemt
as fingers nammen
skrasse


letter bringt de tiid
it wiete fan de hjerst
de stilte fan ’e winterdei
en it lûd fan krôkjend iis


de eagen fan ’e beam
sjogge wiis oer it wetter
de woartels winskje
in ringjend nijjier

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.