troch: Jelle Bangma
Ik stie fannacht op ‘e PC ‘Kom mar ris op jong’, raasde ik En doe de Alvestêdetocht, En dêrnei stie ik op ‘e skâns, In rappe loop, in fikse klim Dat fan ‘e moarn doe tocht ik al: út: Smoarge smjirkerts (1990)
en keatste sis mar izersterk.
By d’ opslach sloech ik sels foar bêst,
wie efterynse yn it perk.
en spuide wakker yn ‘e hân.
Se sykje no noch om ‘e bal,
ik sloech ‘m fier oer ‘t Sjûkelân.
ik lei fier foar, it ried sa licht.
De ploech wie noch mar krekt yn Harns,
ik hie al Bartlehiem yn ‘t sicht.
de polsstôk yn it wetter.
De jonges ljepten wakker fier
mar ik koe fêst wol better.
ûnder geskreau fan it publyk.
Mar doe’t ik útsprong, lei ‘k neist ‘t bêd:
in nij rekôr, al wie ‘t wat bryk.
tsjonge, yn ien nacht alles wûn.
Fan no ôf moat ik trene, want
ik bin in échte kampioen.