klasse 4 mbû / hbû

Besjoch ek gedichten fan:

Kampioen

troch: Ytsje Hettinga

Lyts smel jonkje út It Heidenskip,
byt ferlegen op ‘e ûnderlip’.
Senuweftich wibelje bleate skonken,
in optearde handoek kreas dernjonken.
Fierderop tsjin de houten skâns,
ja, it is syn earste kâns,
stiet wachtsjend in lytse aluminium stok,
sil er al of sil er net, hy nimt de gok.
Bokseljend komt er op ‘e ein.
‘Pols pakke en springe’, hat de trener sein.
Ien hân hat hâldfêst. Mis giet it mei de oare,
yn ien ploems is er yn in snoek feroare.
In hast twa meter lange man út It Heidenskip,
set wisberet de tosken yn ‘e ûnderlip’.
Ungeduldich dribbelje behierre skonken,
de handoek, fan de nekke raamd, dernjonken.
Op ‘e ein fan de heechste fierljeppersskâns,
ja, dit is syn lêste kâns,
stiet útdaagjend in lange karbonnen stok.
Hy mjit mei de eagen, sprint fuort, docht de gok.
Slacht de skonk mei swarte plestikbân
om it klimark. Grypt hân nei hân,
sûnder mis, fan de pols de heechste top.
Langút leit er yn it sânbêd fierderop.
In rekôr op syn lêste ljeppersdei.
Foto’s en kranteknipsel binne tenei
herinneringen oan syn fierljepwrâld.
Dy leit dizze linige reus net kâld.
Mar sjoch, dêr op de lytste skâns,
krijt syn soantsje no de kâns.
It mantsje byt ferwoeden op ‘e ûnderlip’.
Faaks brekt hy in nij rekôr yn It Heidenskip.
net earder publisearre