troch: Berber Spliethoff
Justerjûn doe soe it heve: Kampeare yn ‘e eftertún, Twa gatten yn ‘e tinte, Doe it iten siede. Woarsten en marsmellows, Mar by it lêste woarstje gie it mis. Jan dy sette it op in draven, Sa stiene wy in oere letter
kampeare, sa hiene wy betocht.
Wy klommen op ‘e souder
en hellen de tinte foar it ljocht.
dat like ús in goed begjin.
Dat wy wakker oan ‘e gong.
Mar ‘t gie net hielendal nei ‘t sin.
kromme hjerringen, in skuord gerdyn.
De tinte stie in bytsje bryk,
mar och, sliepe koene wy der yn.
Heit’s BBQ bliek hiel geskikt.
In flesse spiritus oer de koal.
Moatst ris sjen hoe gau’t dat fikt.
krekt sa’t it heart.
Okee se wiene wol wat swart.
Mar och, sa sinnich bin wy net.
Doe hiene wy it net mear yn ‘e hân.
En foar dat wy it wisten
stie ús tinte yn ‘e brân.
Geartsje dûkte de fiver yn,
Margje die net oars as razen
en ik skeakele de tûnslange yn.
mei in ferskroeide tinte en druppend hier.
Och witte jim,
ik tink dat ik mar net op fakânsje gean fan’t jier.