A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Kamp

troch: Berber Spliethoff

Ik lis plat op it liif,
sssst, súntsjes!
Bewapene
mei bûsen fol
krûp ik stadich foarút.


Pas op!
bewaker op de gong.
de Jong,
fluch, lied him ôf
brûk munysje.



Drave!!
Kom gau
de hoeke om!
Hjir del!
Dek my!



Dêr is de doar.
Klink nei ûnder.
No oplette.
Foarsichtich iepen dwaan.
Tsjuster, swit, steapelbêden.

Ien, twa, trije…

Ljocht oan!
Fjoer!!!!
Dûke, jump, jump!
Sykje dekking
Kom op, smite!

Raak!

Ja, wûn!
Suertsjesbattle-kampioen!