A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Kâld

troch: Remco Campert – oersetting troch Atze Bosch

Winter is op kommen.
Ik fiel it oan ’e lucht
En oan ’e wurden dy’t ik skriuw.
Alles wurdt klearder: de strjitte
Is oan ’e ein ta te sjen. De wurden
Hawwe gjin ein.


Ik bin tichter
By de wierheid yn desimber
As yn july. Ik bin dichter
By de graasje fan ’e kalinder, liket it
Soms wol. Dochs, de wurden net, de stêden
Nimme har ein.
As der earne
Simmer en winter, mar in stjer
Baarnde dy’t in fûl wyt ljocht joech.
Ik sis in stjer, mar it
Mei alles wêze. As it mar baarnt en
Wurden waarmte jout.


Mar ik leau
Net, winters noch minder, oan
Sa’n stjer. Oan wurden moat ik leauwe.
Mar wa kin dat? Ik bin
In stim, stjerrend en kâld, fol
Winterske wurden