A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Just for kicks

troch: Atze Bosch

As nimmen sjocht
wat Minne docht
fytst er by tsjuster sûnder ljocht
hoewol’t syn lampe it wol die.
As nimmen sjocht
mist er de kick
omdat der krekt gjin plysje wie.
As nimmen sjocht
wat Minne docht
dan rydt er tachtich yn ‘e bocht
dêr’t er mar fyftich ride mei.
As nimmen sjocht
mist er de kick
omdat gjinien der wat fan sei.
As nimmen sjocht
wat Minne docht
dan docht er alles wat net mei
mar wêrom bliuwt dy kick dan wei?
As Minne docht
wat elk wòl sjocht
dan fielt er him alhiel foldien
al seit elk: Wat in minnen-ien.
Hy kickt no dat is sa wat docht.
De regels? Hat er sèls betocht.
(Út: Skriuwerskalinder 2007)