Dit leave lytse lichte lietsje
is in liet fan neat,
it dûnset troch de strjitte
driuwt samar op ‘e feart.
springt by de bakker op ‘e hoed
klimt op de boekekast fan Sjoerd
fart soms in eintsje mei de boat
fan fiskerman Geart van der Goot
it gûnzet yn de diskoteek
hip-hopt by Eke yn de bleek.
Tinkt immen it te finen,
hup, springt it op de line,
krûpt yn de trui fan Melle
of yn de sok fan Jelle.
Dit leave lytse lichte lietsje
is in liet fan neat,
it dûnset troch de strjitte
en kin it mar net litte,
reizget troch it hiele lân
moai ynpakt op kassettebân
sliept lekker yn in himelbêd
of lit har driuwe oer de stêd
en dan ynienen jûpsty-hee
dêr hearst it samar op teevee.
Dan komt de wyn en nimt it mei
nei ’t keammerke fan muoike Maai,
dan witst fansels wol hoe’t it giet
dy Maai sjongt dan it heechste liet.
Dat leave lytse lichte lietsje
is mar sa’n liet fan neat
giet alle dagen wer op reis
bliuwt altyd, ivicheid ûnderweis.
It komt grif ek in kear by dy
fleurich en fris en nagelnij,
it rôlet oer dyn tonge
en do, do kinst wol sjonge!
(Net earder publisearre)