A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Juffer Goedekoop

troch: Tiny Mulder

soms wurd ik wekker nachts
’t is juffer Goedekoop
mei har griis fûgelkopke
op in swartblomme hobbesek
neist myn bêd
se seit
it is net bard
gjin gas gjin fjoer
se streaket mei har koarte tomme
myn famkeshân
dát wie in dream dit is de werklikheid
dream net ôfgryslik leafke

Roethje is goed troud
hast har wol kend
ik bin ek bêst telâne kommen
stoarn yn myn bêd
dat oare is noait bard
dream net ôfgryslik leafke

 

soms wurd ik wekker nachts
’t is juffer Goedekoop
mei har reumatyske hannen
skuort se de brievekaart fyn
mei har hânskrift myn adres
poststimpel Westerbork
– stjoer my in skelk ast kinst
ik moat hjir jirpelskile
’t is hjir wol ridlik
Roethje is hjir ek
dy is noait skreaun
se yt de snipels op

 

se lei yn ’t sikehûs
ferbean foar joaden
ik haw wier alles ôfflein
sis ik nachts
himel en ierde
juffer Goedekoop
doomny’s dokters direktrises
net ien wist rie wist plak
foar myn âlde deasike joadinne
wier juffer Goedekoop
jûns lei der yn jo bêd in blonde frou
doe de brievekaart
en fierder taal noch teken
sa faak as jo dy kaart ferskuorre
bringt de post him wer

 

soms wurd ik wekker nachts
dach juffer Goedekoop
se streaket mei har koarte tomme
myn frouwehân
en altyd seit se wer
it is net bard
dream net ôfgryslik leafke

 

juffer Goedekoop al wurdt se 140
sil net stjerre ear’t ik stjer
se is myn libbenslang
ferskriklik
ferskriklik guodlik

 

út: Bitterswiet. Samle fersen (2001)